Toeristen jouwe net folle út

21 jul 2004 - 17:39

De Friezen besteegje dit jier amper wat yn de toeristyske sektor yn eigen provinsje. Oars jouwe Friezen in soad jild út oan tripkes yn de eigen omjouwing, mar troch it minne waar en de ekonomyske resesje bart dat dit jier net. Dat seit Frans Heesen fan de Fryske ôfdieling fan belange-organisaasje Koninklijke Horeca Nederland.

De hoareka yn Fryslân draait gjin goed seizoen. Dat komt ek om't Nederlânske en Dútske toeristen it ôfwitte litte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)