'Net boarje yn briedseizoen'

21 jul 2004 - 17:39

Oaljemaatskippij Total mei net ûnder it briedseizoen proefboarrings dwaan by de Tsjûkemar. Mei dizze útspraak komt de Steatsrie in lyts bytsje temjitte oan de stifting Tegengas Tjeukemeer. De stifting wol de proefboarring hielendal opkeare om't oars in weardefol fûgel- en natuergebiet oantaaste wurdt.

Fan de heechste bestjoersrjochtbank mei de oaljemaatskippij dus wol boarje, mar net yn de perioade tusken heal maaie en heal july.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)