Accell ferwachtet groei winst

© Omrop Fryslân
Accell ferwachtet dit jier ôf te sluten mei in flinke groei fan de winst. It fytsfabryk op It Hearrenfean giet út fan in taname fan it risseltaat fan 20 oant 30 prosint. De nettowinst oer it earste healjier fan 2004 kaam út op 7,5 miljoen euro. Dat is hast de helte mear as it jier derfoar.
De groei komt fral troch de oername fan oare bedriuwen. Accell naam it Finske fitnessfabryk Tunturi oer en twa hanlers yn fytsûnderdielen.