Metaalsektor Noarden net feilich

21 jul 2004 - 10:33

Metaalbedriuwen yn it Noarden tinke net goed om de feilichheid fan har wurknimmers. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de arbeidsynspeksje. Fan de 70 ûndersochte bedriuwen yn Fryslân, Grinslân en Drinte hiene mar sân de boel op oarder.

It Noarden docht it tige min yn Nederlân. Lanlik sjoen foldocht twatredde net oan de regels, yn it Noarden 9 fan de 10 net. De oertreders krigen in warskôging of in boete.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)