Teleskoop bestriidt jirpelsykte

21 jul 2004 - 09:37

De Drintse superteleskoop Lofar kin helpe by de bestriding fan de jirpelsykte phytophtora. De Universiteit Wageningen docht dêr ûndersyk nei. Mei help fan de teleskoop kin wat sein wurde oer de kâns dat de sykte útbrekt.

Mei sa'n foarsizzing kin flink besparre wurde op it bespuitsjen fan de ikkers. De ûndersikers pleatse om te begjinnen sensoaren yn de jirpelfjilden om de teleskoop hinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)