Iepenbiere skoalle Nes ticht

20 jul 2004 - 16:40

Iepenbiere basisskoalle It Honnedún yn Nes op It Amelân slút definityf de doarren. Moandei moast de ried fan it eilân him útsprekke oer de takomst fan de iennichste iepenbiere basisskoalle fan Nes. Der is noch wol in RK-skoalle. Yn Ballum is ek in iepenbiere skoalle.

De skoalle hat mar 4 bern. Oproppen oan de bewenners om mear bern op skoalle yn te skriuwen die gjin fertuten. De skoalle hie altyd in soad asylsikers- bern, mar dy hawwe it eilân ferlitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)