Rekreant wol brêgen mear iepen

20 jul 2004 - 15:22

De provinsje ûndersiket op it stuit oft de brêgen en sluzen yn Fryslân langer iepen kinne. Sy wolle graach temjitte komme oan de winsken fan de boatsjeminsken. Dy wolle ôf fan de wachttiden foar de brêgen.

Provinsje en Marrektrite wolle dat ek wol mar it mei gjin ekstra jild kostje. Dêrneist moat ek noch rekken holden wurde mei de ferkearsdielnimmers. De rekreant wol de brêgen graach de hiele dei en jûns langer iepen hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)