Azc op 't Fean slút doarren

20 jul 2004 - 13:59

De measte bewenners fan it azc op It Hearrenfean nimme mei pine yn it hert ôfskied fan it sintrum. Ein dizze moanne moat it keal oplevere wurde. It wie ien fan de bettere opfangsintra yn Fryslân. Der wie amper geweld of ûnrêst. Dizze wike ferhúzje de lêste 185 fan de 600 bewenners.

Guon bewenners wolle net fuort om't se miskien oer in jier wer fuort moatte. Se kieze foar in oar lân of geane werom nei it thúslân. Of se wurde yllegaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)