Húske wettersporters fernield

20 jul 2004 - 11:23

It húske foar wettersporters yn de Fluessen is nei in wike al folslein fernield. It húske op de Langhoekspôle, in ûnbewenne eilân yn de mar, makke gebrûk fan sinne-enerzjy. In lytse wynmûne levere ek stroom.

It wynmûntsje en de sinnepanielen binne fan it húske ôfskuord. It ferhelpen fan de skea kostet sa'n 8.000 euro, tinkt rekreaasjeskip Marrekrite. It húske hat 60.000 euro koste. Der binne noch gjin dieders fan de fernieling oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)