Berankis wint Windmillcup

19 jul 2004 - 18:08

By de Windmill tenniscup waard de finale foar jonges wûn troch Ricardas Berankis út Litouwen. Yn in spannende finale wie er mei 6-2, 6-7 en 6-4 de Portugees Gastoa Elias de baas. Berankis makke yndruk mei syn snoeihurde forehand en wie krekt wat deegliker as de Portugees.

De iennichste Fries dy't meidie, Joost Vogel fan Drachten, waard yn de twadde ronde útskeakele. Hy giet takom wike net mei nei it jeugd EK yn Frankryk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)