Min seizoen foar swimbaden

19 jul 2004 - 18:07

De iepenloftswimbaden yn Fryslân ha oant no ta in striemin seizoen. Fanwege it minne waar leit it tal besikers faak leger as de helte fan ferline jier. It swimbad yn Gytsjerk meldt sels dat it de lêste 30 jier noch net sa min west hat.

Yn fakânsjeplakken kin in goede simmer noch wol wat goed meitsje. De ynwenners fan De Tynje stypje it pleatslike swimbad, sadat it gewoan iepen bliuwe kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)