Tefolle animo foar Fiskerijdagen

© Omrop Fryslân
Der is tefolle belangstelling foar de Warkumer Fiskerijdagen. De organisaasje hat fiif skippers teloarstelle moatten om't der net mear as 24 dielnimmers wêze meie. It ministearje jout net mear fergunningen ôf. Der is ek net mear plak yn de haven fan Warkum.
By de Fiskerijdagen op tradisjonele wize fiske. Oan de wedstriid dogge botters, aken, skouwen en jollen mei dy't eartiids op de Sudersee fisken.