Nijbou Natuermuseum klear

19 jul 2004 - 12:22

De nijbou fan it Frysk Natuermuseum yn Ljouwert wurdt freed oplevere. De ferbouwing hat goed in jier duorre. De binnenpleats fan it gebou hat in glêzen dak krigen. Ek is der in kelder ûnder de binnenpleats kaam. Dêr wurdt in part fan de kolleksje opslein. Der is ek in nije fleugel achter it museum kaam.

Nei de simmerfakânsje begjint de werynrjochting fan it museum en de restauraasje fan de gevel. Publyk is begjin takom jier wer wolkom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)