Byb lient minder boeken út

19 jul 2004 - 11:49

De ynwenners fan Achtkarspelen meitsje hieltyd minder gebrûk fan de biblioteek en de bibliobus. Yn fergeliking mei 2002 gie it tal útliende boeken ferline jier mei goed twa prosint omleech. By de bibliobus wie dat sels goed 7 prosint.

Dêrfoaroer is it tal leden fan de biblioteek wol tanommen mei trije prosint foar de folwoeksenen. By de bern is it tal leden mei ien prosint ôfnommen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)