Reinhard wint cup by de famkes

19 jul 2004 - 09:48

De finale fan de Windmill Cup foar famkes oant 15 jier is wûn troch Renée Reinhard (14 jier) út Alkmaar. Yn de finale op sportpark De Molen yn Ljouwert wie se mei 6-2 en 6-1 dúdlik te sterk foar de Roemeenske Camelia Irina Begu.

Takom wike docht Renée Reinhard mei oan it EK foar jeugdtennissers yn Frankryk. Se wûn tegearre mei Babs van Kampen ek de dûbelfinale yn Ljouwert. Se wûnen fan Xin-yun Han en Dan-ni Jiang út Sina.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)