Hynstemaraton yn Warkum

18 jul 2004 - 17:20

Hynders dy't mei faasje it Iselmarwetter ynspatte, dat is wêr't de taskôgers ôfrûne sneon foar nei Warkum kamen. Santich kombinaasjes gongen dêr fan start foar in 14 kilometer lange hynstemaraton mei tsien proeven.

Troch de tongerbuien waard it evenemint om acht oere jûns ôfbrutsen. De start fan de maraton drige ek al yn it wetter te fallen. Troch groppen te graven en mei in lyts bytsje help fan de sinne, koe alles dochs noch trochgean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)