Skilderijen smite 1750 euro op

© Omrop Fryslân
De skilderijeferkeap foar it ûnderhâld fan de tsjerke yn Langwar hat sneon sa'n 1750 euro opsmiten. Dat wie neffens de organisatoren aardich better as ferwachte. Sa'n 15 profesjonele en amateurkeunstners makken sneon in skilderij fan de yn 1777 boude tsjerke.
De doeken waarden oan 'e ein fan de middei by opbod ferkocht. It jild wurdt brûkt foar it opknappen fan de âlde tsjerke. De organisaasje hopet dat it evenemint in tradysje wurdt.