Fryske silers winne Yngling
De jonge siler Hidde Jan Haven fan Snits is sneon Europeesk kampioen yn de Ynglingklasse wurden. De wedstriid wie op de Iselmar by Starum. Twadde by de jeugd waard Clemence Ververs fan De Jouwer en tredde de Deen Christian Lund. It fjirde plak wie ek in Frysk súkseske, want it waard ynnommen troch Jacco Greydanus, ek fan Snits.
Takom wike fersile de senioaren it Europeesk goud yn de Ynglingklasse.
Trefwurden:
argyf