Gemeente hellet sitbanken fuort

17 jul 2004 - 17:52

Yn it sintrum fan Grou binne seis banken achter It Grien fuorthelle troch de gemeente. De gemeente wol sa foarkomme dat de banken langer as hingplak troch de jongerein brûkt wurde. De jongerein soarget om It Grien hinne geregeld foar oerlêst. Der wurde ek geregeld saken fernield. Omwenners klagen dêroer by de gemeente.

Om dat der ta de nacht út fuotballe wurdt jildt op it Halbertsmaplein tenei in beheind fuotbalferbod.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)