Jehova-kongres It Hearrenfean

© Omrop Fryslân
In kongres foar Jehova's-tsjûgen soarge freedtemoarn foar files yn de omkriten fan It Hearrenfean. Der kamen sântûzen leauwigen op ôf. Opteld by de 1300 frijwilligers binne dat in soad minsken. De Jehova's komme út de trije Noardlike provinsjes en út Flevolân en Oerisel.
Fryslân sels hat 1500 Jehova's. It Noardlike kongres wurdt foar de tsiende kear op Thialf hâlden. De gearkomste duorret trije dagen.