Atoglas: polityk is no oan set

16 jul 2004 - 16:49

De Ljouwerter polityk moat mear war dwaan om it pleksyglêsfabryk Atoglas te rêden. Dat fine de fakbûnen. It fabryk wurdt mei sluting bedrige, omdat de produksje neffens de direksje goedkeaper kin yn ien fabryk yn Frankryk. De fakbûnen sykje no sels út oft dat wier is.

De Ljouwerter polityk hâldt him oant no ta te stil. Dat komt omdat se graach wenten ha wolle op it plak fan it fabryk, tinkt fakbûn CNV.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)