Frânske Atoglasbaas jout útlis

© Omrop Fryslân
It pleksiglêsfabryk fan Atoglas oan Achter de Hoven yn Ljouwert moat ticht om't de produksjekosten yn Nederlân te heech binne. Dat hat it personiel tongersdeitemiddei te hearren krigen. Trije wike lyn al hie de direksje sein dat it fabryk oer oardel jier ticht moat, mar it personiel wist net wêrom.
Op fersyk fan de fakbûnen joech de direkteur fan de haadfestiging yn Frankryk lang om let in taljochting oer ferpleatsing fan it fabryk nei Frankryk.