Lekke garnalekotter rêden

16 jul 2004 - 11:58

De rêdingsboat fan Skiermûntseach hat tongersdei de Zoutkamp 14 nei Lauwerseach sleept. De kotter wie by it Boarnrif, westlik fan Amelân, yn 'e problemen kaam. De oaljepomp fan de stjoerynrjochting wie lek.

De Amelânder rêdingsboat naam de kotter op sleeptou. De sleep waard yn it âlde Westgat oernommen troch de rêdingsboat fan Skiermûntseach. Dy soarge derfoar dat de garnalekotter feilich yn Lauwerseach oankaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)