'Noarden hat lytse efterstân'

© Omrop Fryslân
It Noarden hat mar in lytse efterstân op de rest fan it lân en it kostet fierstente folle om dy fuort te wurkjen. Dat seit steatssekretaris Van Gennip fan Ekonomyske Saken. Neffens har hat it Noarden ek in soad kânsen, benammen op it mêd fan toerisme.
De regio moat him dêr dan ek sterk foar meitsje. Op dizze wize ferdigenet Van Gennip har beslút op te hâlden met stipe oan it Noarden. In mearderheid fan de 2e Keamer is dêr lykwols tsjin.