Fakkelaksje by Waadseekust

© Omrop Fryslân
De Waadsee sil op de jûn fan 22 oktober folslein ferljochte wurde troch tûzenen fakkels. Lâns de Grinzer, Fryske en Noard-Hollânske kust én by de waadkust fan de 5 eilannen komme om de 100 meter frijwilligers te stean mei fakkels.
Yn totaal beslacht it trajekt in pear hûndert kilometer. De fakkelaksje is in inisjatyf fan de Grinzer GrienLinks- steatefraksje en de Waadferiening. Se hoopje dat de Twadde Keamerleden sa 'it ljocht sjogge' by it waadbelied.