Hurdfytser Steiginga blessearre

© Omrop Fryslân
Kopman Sierd Steiginga fan de Fryske hurdfytsferiening Otto Ebbens fan De Westerein docht kommen wykein net mei oan de finale fan de nasjonale klubkompetysje. Steiginga hat in ûntstekking oan de knibbel en kin dêrtroch net oan de start ferskine.
De klubkompetysje is in nasjonale kompetysje foar amateurhurdfytsers dy't net foar sponsorploegen útkomme. Otto Ebbens docht as iennige Fryske ploech mei oan de finale, dy't yn Grins is.