Gruthannel Sligro makket winst

15 jul 2004 - 10:11

De gruthannel yn iterij Sligro, mei in festiging yn Drachten, hat yn it earste healjier fan 2004 in winst makke fan 18,9 miljoen euro. Dat is 10 persint mear as yn deselde perioade ferline jier. De omset gie wol mei 0,8 persint omleech nei 650 miljoen euro.

Sligro ferwachtet dat de winst dit jier mei 15 oant 20 persint tanimme sil. Ferline jier makke de gruthannel in winst fan goed 44 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)