7,5 miljoen foar MKB-projekten

© Omrop Fryslân
Goed 7,5 miljoen euro komt beskikber foar in tal projekten om it midden- en lytsbedriuw yn it Noarden te fersterkjen. It jild komt út de pot mei saneamde kompassubsydzjes. Dat is it jild dat it Ryk yn it ramt fan it Langmanakkoart oan it Noarden jout.
Mei ien fan de projekten kinne startende of groeiende MKB-ûndernimmingen jild liene om te ynvestearjen. Mei it oare projekt wurdt gebrûk fan ITC yn it MKB stimulearre.