'Gjin eksessyf geweld yn Harns'

15 jul 2004 - 09:49

By it plysje-optreden yn de nacht fan 13 op 14 maart yn Harns hat gjin sprake west fan eksessyf geweld. Dat is de konklúzje fan in ûndersyk dat Justysje nei de saak dien hat. De reboelje ûntstie doe't in man troch de plysje út in diskoteek set waard.

De man kaam werom mei in mes. De plysje woe him doe opnij oanhâlde. Omstanners bemuoiden har mei de saak. De plysje hold doe sân minsken oan. Neffens guon wie it optreden fan de plysje te hurd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)