Dûsjes wer legionellafrij

15 jul 2004 - 09:30

It ministearje fan VROM hat woansdei alle dûsjes fan swimbad De Blauwe Golf yn Ljouwert wer folslein frijjûn. By wiidweidich ûndersyk is de legionellabaktearje net mear oantroffen. Heal juny waard bekend dat der in legionellabesmetting yn ien fan 'e dûsjes siet.

BV Sport hat doe gelyk alle dûsjes sletten en ferskate testen dien. Fanwege in twadde, ekstra testronde ha de dûsjes trije wiken sletten west.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)