Alve geboaden yn Wûnseradiel

© Omrop Fryslân
De gemeente Wûnseradiel komt mei alve gedrachsregels foar de jongeren fan Makkum. De regels ropt de jongerein op om har fatsoenlik te gedragen by it útgean. It giet dan om saken as net op strjitte pisje, gjin glêzen meinimme, net raze en gjin fernielderij.
It gemeentebestjoer hopet sa in ein te meitsjen oan de oerlêst dy't de jongeren alle simmers feroarsaakje. In flyer mei de regels wurdt de kommende wiken yn Makkum ferspraat.