Grykse Friezin nei 'Spelen'

© Omrop Fryslân
Fuotbalster Dimitra Theocharis fan Heerenveense Boys is definityf opnommen yn de seleksje fan it nasjonale froulju's fuotbalteam fan Grikelân foar de Olympyske Spelen. Sy is linksbûten. Dimitra Theocharis is de dochter fan in Grykse heit en Nederlânske mem.
De 28-jierrige Theocharis reizget 21 july nei Grikelân. Ferline jier febrewaris makke se har debút yn it nasjonale team fan Grikelân. Sy hat no 12 ynterlâns spile.