Cambuur wint oefenpartij: 19-0

15 jul 2004 - 00:00

Cambuur hat woansdei mei grutte sifers wûn fan twaddeklasser Koatstertille. Mei rêst wie it al 15-0, de einstân wie 19-0. Yn de earste helte skoarde Thijs Houwing seis kear en Jan Bruin en René van Rijswijk elk trije kear.

Ruben Schaken, Angelo Zimmerman en Raymond Bronckhorst makken de 15 fol en dat komt net faak foar yn ien helte. Yn de twadde helte skoarde Miika Ilo twa kear en Martijn Roosenburg en Koen Brack elk ien kear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)