Muorrekleden wer yn stedhûs

© Omrop Fryslân
De fjouwer antike muorrekleden út de boargemasterskeamer fan it Ljouwerter stedhûs binne wer te plak nei in lange restauraasjeperioade. De kleden wiene brún útslein en moasten op in soad plakken opknapt wurde. Sy hingje fan tiisdei ôf wer op it plak dêr't se yn 1718 delhongen binne.
De fjouwer kleden stelle de fjouwer wrâldparten foar. Australië wie doe noch net bekend. It opknappen fan de kleden hat 150.000 euro koste.