Posters moatte fan Nuon-húskes

14 jul 2004 - 14:55

Enerzjybedriuw Nuon lit alle plakkerij fan de transformatorhúskes ôfhelje. De gemeente Snits hie dêrom frege, want dy fûn dy posters op de 25 húskes gjin gesicht. Boppedat is it yn striid mei de Nota Strjit- en Gevelreklame.

De Bizon Mediagroep beplakt húskes foar Nuon. Sy hawwe no opdracht krigen de posters foar 1 septimber derôf te heljen. It giet net om reguliere reklameposters, mar om posters mei in kulturele of ideële strekking.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)