Nijs Omrop ek op imode
Fan dizze simmer ôf kin it lêste nijs fan Omrop Fryslân ek besjoen wurde fia imode. Fia imode kinne hieltiten de headlines fan it nijs en de lêste nijsberjochten lêzen wurde. Dit is foaral handich foar minsken dy't bûtendoar of op it wetter it nijs folgje wolle.
Dizze service is fergees. It iennichste dat je nedich hawwe is in tillefoan mei imode. Us imodeadres is: http://imode.omropfryslan.nl