Skaakmaster Haije Kramer stoarn

14 jul 2004 - 09:56

Ynternasjonaal skaakmaster Haije Kramer fan Gytsjerk is snein op 86-jierrige leeftyd ferstoarn. Hy wie sûnt koart earnstich siik. Haije Kramer wie in begryp yn de Fryske skaakwrâld.

Kramer waard 20 kear kampioen fan Fryslân en slagge der yn 1940 yn om âld-wrâldkampioen Max Euwe yn in partij te ferslaan. Kramer skreau ek skaakboeken en artikels. Kramer fersoarge 60 jier de skaakrubryk yn de Ljouwerter Krante.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)