Unwisse takomst stedswachten

© Omrop Fryslân
It rommelet by de stichting Stedswacht Fryslân. Direkteur Brandsma is opstapt en in protte stedswachten binne net mear motivearre om de strjitte op te gean. Yn Ljouwert moat it tal stedswachten fan 68 werom nei 30.
Op dit stuit wurkje der noch 48 stedswachten. Troch de ûnwisse takomst hawwe in soad minsken har siik meld. De sfear is der net better op wurden, seit foarsitter Oosterhof fan de ûndernimmingsried op persoanlike titel.