Huzen moatte oars tawiisd wurde

© Omrop Fryslân
Direkteur Timmermans fan de provinsjale wolstânskommisje Hûs en Hiem wol net dat stedswiken ferkomme. Hy pleitet dêrom foar in oare wize fan tawizing fan wenten.
No ferdiele de wenningboukorperaasjes de wenten noch. Dat soe tenei dien wurde moatte troch in ûnôfhinklike kommisje. De reden is dat guon korperaasjes no guon wenten ûnder de tafel tawize. Dat kin liede ta problemen yn benammen âldere wenwiken.