Ljouwert siket parkearromte

13 jul 2004 - 13:51

Ljouwert siket by kantoaren yn it sintrum nei parkearromte as alternatyf foar de parkearplakken op it Oldehoofsterkerkhof. Fan begjin oktober ôf is dêr mar de helte fan parkearkapasiteit beskikber.

Fan augustus 2005 ôf is der hast hielendal gjin romte mear. Der wurdt nammentlik in parkeargaraazje boud. Mei it sykjen nei alternative parkearromte is de gemeente al langer dwaande. Twa grutte lokaasjes binne al fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)