Plysje pakt oplichters op

13 jul 2004 - 10:45

De plysje hat yn Petten in man (28) en in frou (25) oppakt, dy't fertocht wurde fan grutskalige oplichting yn Fryslân. It duo liet yn Ljouwert in hûs ferbouwe foar 20.000 euro. Ek waarden in auto foar 8.000 euro 'kocht'. Fierder waard der dineard yn Drachten en Ljouwert, sûnder dat dêr foar betelle waard.

It stel koe oanhâlden wurde, trochdat se harren eigen namme brûkten by de oplichtingspraktiken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)