Spulwike foar skoalbern

© Omrop Fryslân
It is min waar yn de earste wike fan de skoalfakânsje, mar yn Littenseradiel fermeitsje se har wol. Dêr is wer de jierlikse fakânsjespulwike fan start gien. It 'kamp' is eartiids oprjochte foar bern dy't net op fakânsje koene, mar no dogge ek oaren mei.
Mei-inoar 650 skoalbern dogge spultsjes yn Easterwierrum, Easterlittens en Weidum. Se stean ûnder lieding fan 165 frijwilligers. Freed wurdt de Spulwike ôfsluten mei in grutte optocht.