Atsma: Van Gennip is bytsje dom

© Omrop Fryslân
CDA-Twadde Keamerlid Joop Atsma neamt steatssiktaris Van Gennip fan ekonomyske saken 'in bytsje dom'. Neffens Atsma is der yn 'e Twadde Keamer gjin draachflak foar it foarstel fan Van Gennip om al yn 2006 op te hâlden mei de ryksstipe oan it noarden.
De CDA-fraksje sil him neffens Atsma fersette tsjin it foarstel fan 'e eigen steatssiktaris. It ryk jout it noarden neffens it Langman-akkoard alle jierren 60 miljoen euro oan ekstra stipe.