Sybren Hellinga-priis útrikt

© Omrop Fryslân
De tredde Sybren Hellinga-keunstpriis is snein yn Beetstersweach útrikt troch wethâlder Ate Duursma fan Opsterlân. De priis is bedoeld foar begjinnende keunstners dy't minder as fiif jier lyn ôfstudearre binne.
Mei inoar wiene der 125 ynstjoerings. Fiif keunstners wiene der nominearre, wêrûnder Fries om utens Anne Jaap de Rapper. Mar hy krige de priis net. De 2500 euro gie nei Paulien Oltheten fan Nijmegen.