Trio Vd Meulen wint yn Boalsert

© Omrop Fryslân
It partoer fan Johan van der Meulen, Jacob Wassenaar en Cornelis Terpstra hat sneintemiddei it haadklasse keatsen yn Boalsert wûn. Yn de finale fersloegen se it partoer Klaas Berkepas, Dirk Jan van der Woud en Auke van der Graaf by 5-2 en 6-2.
De tredde priis yn dizze frije formaasjepartij wie foar it partoer Sibbele Lootsma, Tjitte Bonnema en Marten Feenstra.