Stipe foar frijwilligerswurk
Achtkarspelen sil frijwilligerswurk yn de gemeente mear stimulearje. De gemeente set in platfoarm en in stipepunt foar frijwilligerswurk op. Beide organisaasjes kostje de gemeente 43.000 euro.
It platfoarm moat opkomme foar de belangen fan frijwilligersorganisaasjes. Fierders is it in oansprekpunt foar de gemeente. It stipepunt biedt allegeare tsjinsten oan.
Trefwurden:
argyf