Snitser rydt yn op man

© Omrop Fryslân
In 46-jierrige ynwenner fan Snits is sneontejûn op it Midland-racesirkwy yn Lelystad ynriden op in baankommissaris. De Snitser wie yllegaal oan it racen op de slipbaan. Doe't de baankommissaris him derôf helje woe, joech er fol gas.
It slachtoffer bleau heakjen oan de auto en waard goed 50 meter meisleept. Hy hie allinnich wat knies- en skaafplakken. De Snitser naaide út, mar koe by Emmeloord oanhâlden wurde.