Ek Grinslân en Drinte lilk

12 jul 2004 - 10:52

Ek yn Grinslân en Drinte is sneon lilk reagearre op it plan fan steatssekretaris Van Gennip om de finansjele stipe foar it Noarden oer twa jier stil te setten. It giet om sawat 60 miljoen euro yn it jier út it saneamde Langman-akkoart.

Neffens kommissaris Alders fan Grinslân is it noch hieltyd needsaaklik dat it Noarden ekstra jild krijt om efter- stannen fuort te wurkjen. Deputearre Bijman hat ferlykbere útspraken dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)