'Gjin ekstra stipe foar Tryater'

11 jul 2004 - 16:43

Toanielselskip Tryater hoecht net te rekkenjen op in finansjele bijdrage út it budzjet taal en kultuer fan 'e provinsje. Dat skriuwe deputearre steaten yn antwurd op fragen fan it CDA. Neffens it advys fan 'e Raad voor Cultuur bliuwt de subsydzje oan Tryater gelyk, wylst it selskip frege hie om mear subsydzje.

Deputearre Mulder wol earst prate mei de steatssiktaris foardat de provinsje beslút oer in ekstra bijdrage.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)