Protestaksjes nei de simmer

© Omrop Fryslân
It fakbûn FNV hat sneon sein dat der nei de simmer yn Fryslân massale protestaksjes komme tsjin de besunigingen fan it kabinet. Benammen de Fryske metaalbedriuwen moatte rekken hâlde mei aksjes.
Yn de metaalsektor spilet ek noch in cao-konflikt. Neffens it fakbûn ha in soad wurknimmers skjin har nocht fan it belied. Foarearst giet it om protesten, net om stakingen. Op 2 oktober is der in lanlike aksjedei.